Oer it kafee
Cafe de Ree
Cafe de Ree is op ôfspraak iepen foar in ferskaat oan aktiviteiten. It is ít plak wer’t in protte doarpsaktiviteiten syn beslach krije. Alle winterskoften stiet der skutjassen, klaverjassen, darten en frysk dammen op it program.
Der is geregeld iepen kafee en der wurde bierpriuwerijen en oefenjûnen foar kaartspilers organisearre. Yn ús aginda kinne jo sjen wannear’t en welke aktiviteiten pland binne.
Aktiviteiten Kommisje…
It RAK (Reahúster Aktiviteiten Kommisje) organisearret in tal fan leuke aktiviteiten yn it kafee. Ek de frouljusferiening “Wij-Aktief” makket geregeld gebrûk fan ús romte.
It tsjerkekoar repetearret alle tongersdeitejûnen yn it kafee en makket dêrbij gebrûk fan ús piano.
De Kuierders…
Ien fan ús meast trouwe ploechje klanten is de “Bleekerploech”. Troch waar en wyn witte de kuierders fan de Bleekerploech alle sneintemoarnen wer it paad nei it kafee te finen.
Likernôch healwei tsienen skowe se oan foar in bakje kofje, drinke oanslutend in boarreltsje en geane dan nei in oerke wer op paad.
De Koperen Tsjettel…
Cafe de Ree is ek de thúsbasis fan de Fryske Feriening fan amateurbierbrouwers “De Koperen Tsjettel” (website).
Binne jo nijskjirrich nei it brouwen fan bier en alles wat der bij komt sjen? Jo binne fan herte wolkom om oan te skowen bij in klubjûn fan de Koperen Tsjettel.