Skiednis
Skiednis fan it kafé
It kafee is yn 1895 boud deun nêst de tsjerke, sa as dat doe hearde yn in katolyk doarp.
“De Tap”
Café de Ree stiet yn Reahûs. Dit Fryske doarpke hat sawat 180 ynwenners en leit oan de histoaryske Slachtedyk. Yn it ferline wiene der yn it doarp en de neiste omkriten wol fjouwer kafees. Ien der fan wie it ferneamde kafee fan Tsjerkje op de Klieuw. Ús kafee hat besteansrjocht sûnt 1895 en wurdt troch de Reahústers ek wol “de Tap” neamd.
Fanôf it begjin hat it pân de funksje hân fan kafee/herberch. Doedestiids waard it kafee boud yn opdracht fan de tsjerke. Yn it pân wie oant 1999 ek noch in lytse winkel foar krudeniersguod. Noch altyd hawwe wij sneintemoarns it kafee iepen foar minsken dy’t nei tsjerke in bakje kofje en/of in boarreltsje drinke wolle.
Renovatie
Fanôf 1937 binne twa generaasjes fan de famylje Altenburg de útbaters west fan it kafee. De foarige eigners, Bote en Mieke Altenburg hawwe it kafee hast 50 jier runt. Yn oktober 2015 hawwe wij, Mark en Liset Storteboom – de Ree, it kafee oernommen en de namme feroare yn Cafe de Ree.
Yn 2018 is it kafee hielendal fernijd. De muorren, de plafonds, en de flier binne “stript”. De muorren binne op nij isolearre. De leidingen, de ferljochting, de ferwaarming en de toiletgroep binne ferfongen. It kafee is hielendal yn in nij jaske stutsen mei in nije houten flier en boppedat in mooie grutte bar mei in tap-ynstallaasje.