Bier(priuwerijen)
Bierpriuwerijen
Wij hawwe in passy foar bier en alles wat der bij komt te sjen. Dizze passy diele wij graach mei eltsenien dy’t der aardichheid oan hat. Dêrom organisearje wij bierpriuwerijen wêrbij eltse priuwerij in eigen tema hat. Eltsenien is hjirbij fan herte wolkom.
Wolle jo in bierpriuwerij mei jo eigen selskip of wolle jo it bij jo thús organisearje? Nim dan kontakt mei ús op oer de mooglikheden.
Bieren
Wij hawwe keazen foar Alfa Edel Pils op de tap. Dit bier hat in folle fris-fruitige en eigensinnige smaak en is broud mei eigen bronwetter fan de Alfa brouwerij út Limburg.
Nêst it Alfa Edel Pils op de tap skinke wij ek in tal fan soarten spesjaal bier op de fles. Wij hawwe in wikseljend assortiment mei bieren út ús omkriten en út binnen- en bûtenlân.
Fanôf 2020 servearje wij mei grutskens it earste bier wat yn opdracht van ús brout is, Slachtebier Sûnens!
Wij wolle yn ‘e takomst meardere typen Slachtebier ûntwikkelje en it is ús dream om dizze te brouwen yn ús eigen thúsbrouwerij.